








Kuere yn Bulgarije

De Wurkgroep Rekreaasjereizen fan de PVN organisearret yn’ e maitiid fan 2012 in folslein nije PVN rekreaasjereis nei de Bulgaarske Rivièra oan de Swarte See yn Bulgarije. Bulgarije is yn 2007 by de Europeeske Uny kommen, is trije kear sa grut as Nederlân en hat in rike histoaryske skiednis. It lânskip is hiel moai mei in protte fariaasje, it is tige bercheftich mei tichte bosken, in protte marren en de kust is 378 km lang.
Jo reisbegeliedster op dizze reis sil wêze Sietie Smit.
Sol Luna Bay ****

De Wurkgroep Rekreaasjereizen fan de PVN hat yn gearwurking mei Toerkoop Reisburo Frjentsjer keazen foar in lokaasje oan de Bulgaarske Rivièra. It is in hiel nij kompleks Sol Luna Bay www.sol-hotels.com yn it plak Obzor en it is part fan de bekende Sol-keten. Foar jo ynformaasje: wy ha al earder yn de maitiid fan 2009 en 2011 mei in protte wille yn Bulgarije west.
Strân

Sol Luna Bay leit flak tsjin it moaie strân fan Obzor oan, dat benammen bestiet út sân. It strân rint stadichwei del yn see. It strân is te berikken by treppens del, jo kinne lykwols in oare kant om. It strân is hast 1,8 km lang, 40-50 m breed. Op it strân ha jo de beskikking oer: badhandoekeservice (gratis), lisbêden (gratis), dûsen en strânbewekking.
Algemiene ynformaasje

Sol Luna Bay is in nij (2009), grut en lang gebou dat út twa parten bestiet en it leit flak tsjin it strân oan. It bestiet út 6 etaazjes en hat 8 liften. Der is in lobby mei resepsje en WiFi, winkeltsjes, restaurants, 2 bars, kapper en wasserette. Swimbad mei sinneterras mei lisbêden en parasols. Boppedat is der in binnenbad, badhandoekeservice (tsjin borch).

It welnesscenter mei û.o. massaazje, sauna en ferskate skientmebehannelingen moatte jo betelje. De akkomodaasje is geskikt foar lju dy’t net sa flot mear rinne. De keamers binne rom en hawwe balkons en beskikke oer 2 ienpersoansbêden, hierklûs (as jo betelje), minibar, tv en airco. Yn de baaikeamer sit in bad of dûs en in föhn. Jo hawwe by jo keamer in balkon of terrras mei sitsje ta jo foldwaan. Der rydt in shuttlebuske (1 euro) fan it hotel nei it sintrum (2,7 km). Der is in pinautomaat yn it gebou.
Bysûnderheden

Jo ferbliuw is op basis fan All-ynklusyf (moarnsbrogge, kofjetafel en waarm iten yn buffetfoarm). Der is alle dagen in Ingelsk pratende dokter oanwêzich.
Jildsaken
Yn hast alle plakken binne mooglikheden om jild om te wikseljen , ék yn it hotel. Der binne jildautomaten, dy’ t de gongbere paskes akseptearje, sels in jildautomaat yn it gebou.
De lev is de muntienheid fan Bulgarije. It meartal fan lev is leva. Ién lev is opdield yn 100 stotinki (inkelfâld stotinka).
Wikselkoers (jan. 2012) = 1 Euro = 1,95 BGN. 1 BGN = 0,51 Euro
De gemiddelde prizen yn Bulgarije binne leech yn fergelyk mei Nederlân.
Perioade
Reis fan 3 wiken: ôfreis 21 maaie werom 11 juny
Reis fan 2 wiken: ôfreis 28 maaie werom 11 juny
Prizen
De man/frou ynklusyf All-ynklusyf, lofthavenbelesting en transfers, TINK DEROM: eksklusyf fersekeringen, kalamiteitefûns en reisbegelieding
Ien- of twa-keamerappartemint mei bad of dûs en húske
3 w by 2 persoansbesetting € 853,-
3 w by 1 persoansbesetting € 853,-
Ann. Fersekering 56,15
Reisfersekering 42,22
2 w by 2 persoansbesetting € 737,-
2 w by 1 persoansbesetting € 818,-
Ann. Fersekering 48,51
Reisfersekering 29,90
Tink derom
Neamde prizen binne eksklusyf reisbegeliedingskosten. Dizze kosten wurde om ende by healwei april 2012 fêststeld en hingje ôf fan it tal dielnimmers, mar sille net mear wêze as 70 euro de man/frou. Fan dizze kosten krije jo in rekken fan de PVN.
Sa’ t it no stiet wurdt der hinne en werom flein mei Transavia fan Skiphol nei Burgas, goed 3 oeren fleanen. Sol Luna Bay leit ûngefear 70 km fan Burgas ôf.
Opjaan
Stjur in email nei info@psoriasisvereniging.nl en jo krije it ynskriuwformulier omgeande weromsjurd. Graach folslein en dúdlik ynfolle weromstjoere nei:
Werkgroep Recreatiereizen PVN,
Mosselplaat 38
2134 WG HOOFDDORP.
It is mooglik om telefoanysk te reservearjen by Ad of Sietie. Jo gegevens wurde dan opskreaun. Jo moatte dêrnei it ynskriuwformulier al binnen 72 oeren ûndertekene opstjoerd hawwe. Is dat net sa, dan ferfalt jo reservearring spitigernôch. Opjaan mei ek fia ûndersteande mailadressen, mar hjir jildt itselde: jo moatte it ynskriuwformulier binnen 72oeren opstjoere.
Krekt as oare jierren jildt ek no mei it oanfreegjen fan in iénpersoanskeamer: wa’ t it earste komt, hat de measte kâns fan slagjen.
Nei jo oanmelding krije jo daalk in befestiging fan de Wurkgroep Rekreaasjereizen en dêrnei in rekken fan Toerkoop Reisburo Frjentsjer.
Fan de PVN krije jo in rekken foar de reisbegeliedingskosten (ynklusyf administraasjekosten), op syn heechst 70 euro de man/frou.
Sa’ n 10 dagen foar jo ôfreis krije jo fan de Wurkgroep Rekreaasjereizen in reisbrief en dielnimmerslist.
Betingsten
Op dizze reis jilde de Algemiene Reisbetingsten fan de ANVR en it kalamiteitefûns (SGR).
Jo moatte fansels al de krekte reisdokuminten hawwe.
Fansels sil Sietie op it fakânsjeplak in tal ekskurzjes oanbiede, dêr’t út keazen wurde kin, om ek noch wat fan de kontreien te sjen. Der sil besocht wurde om it mienskiplike waarme miel oan 1 of 2 tafels te hâlden, dan kinne wy byelkoar sitte. (dat hinget ôf fan de meiwurking fan it restaurant).
Foar mear ynformaasje oer dizze rekreaasjereis kinne jo altyd skilje nei:
Sietie Smit 0517 342216 (ynsprekke mei ek) sietie@softwork.nl
Ad van der Linde 023 5630878 (ynsprekke mei ek) ajavdlinde@hetnet.nl
Bron Toerkoop Reisburo Frjentsjer en Toeristiek.
De reis is ûnderbrocht by Neckermann reizen.